Fryslân, it lân foar dy en my

[ Met beeld op facebook, klik hier ]

As de sinne opkomt, rin ik it fjild yn,
Sjoch ik de kei gean, en hear de fûgels
De skries dy ropt my en de ljip die antwurt
Fryslân is it lân foar dy en my

refr

Dit lân is dyn lân,dit lân is myn lân
Fan de iselmarkust oan it noardseestrân
Fan de griene greiden oan de tichte bosken
Fryslân is it lân foar dy en my

Under hege loften rin ik myn rûntsje
Op de stille heide en de rûche sângrûn
De wyn die twirret yn de hege beammen
Fryslân is it lân foar dy en my

Refr.

Gean dan nei it noarden en far de see op
Sjoch ik de dûnen en de weagen rôljen
En op it eilân komt wer dy stim foarby
Fryslân is it lân foar dy en my

Refr.

As ik dan letter yn de grutte stêd bin
Sjoch ik al dy minsken der lâns de grêft gean
Op de terrassen klinkt dan de wjerklank
Fryslân is it lân foar dy en my

Refr.

Achter de seedyk en bildtske polders
Lâns rjochte sleaten en lange ekers
Stean de ierappels en goudgiel boulân
Fryslân is it lân foar dy en my

Refr.

Dit lân is har lân dit lân is syn lân
Fan de iselmarkust oan it noardseestrân
Fan de fryske marren oan it klif fan gaasterlân
Fryslân hat plak foar dy en my

Refr.

Dit lân is dyn lân dit lân is myn lân
Fan de iselmarkust oan it noardseestrân
Fan de griene greiden oan it klif fan gaasterlân
Fryslân hat plak foar eltsenien